Styl


It Frysktalich tydskrift STYL ferskynt yn ’e moannen maart, juny, septimber en desimber yn it jier 2008. As bylage neist it moanneblêd Friesland Post. Losse eksimplaren Styl wurde útsutele, foar lêsbefoarderjende aksjes, nei jongereindoelgroepen yn it ûnderwiis en de maatskippij. Foar Styl is de fiertaal Frysk. Net Frysktalige persoanen wurde lykwols yn har eigen taal sitearre.

In ûnôfhinklike redaksje is ferantwurdlik foar de ynhâld fan Styl. De redaksje wurket benammen mei jonge skriuwers dy’t foar Styl artikels en rubriken foar harren rekken nimme. Migg Media Producties BV yn Snits jout it blêd út. Van der Let & Partners op It Hearrenfean bekroadet him om sawol de advertinsjeferkeap as de nije media. De Friese Pers, TNT en eigen koeriertsjinst fersoargje de fersprieding fan sawol Styl as Friesland Post.

Doel
Styl is, elk fearnsjier, in nijsgjirrich lêsbefoarderjend tydskrift, dat ornearre is foar in breed publyk. Sawol redaksjoneel as ynhâldlik oansprekkend. Mei in eigentiidske grafyske foarmjouwing. Lykwicht tusken ferdivedaasje en nijsgjirrige eftergrûnartikels. Om’t it blêd ien kear yn it fearnsjier ferskynt is it mar justjes mooglik op de aktualiteit yn te gean en ‘nijs’ te bringen. Lykwols jout nijs faaks oanlieding om in aktueel ûnderwerp te publisearjen. Styl hat eigen rubriken. Ut in organisaasje, dy’t twatalich operearret, wurdt besocht alle kearen ferrassend, nijsgjirrich en entûsjast út ’e hoeke te kommen. De Fryske taal is de ynspiraasjeboarne yn it kreative proses by it gearstallen fan Fryske mediaproduksjes.

Stribjen
Der wurdt ynset op it útwreidzjen fan de nammebekendheid fan Styl ûnder de jongerein. Troch leech drompelich Frysk moat dy doelgroep yn ’e kunde brocht wurde mei de rykdom fan harren memmetaal, sadat se har ferantwurdelik fiele foar it brûken fan de memmetaal oant yn lingte fan jierren. De ambysje is om in flink part fan de oplaach Styl, lyk as yn 2007, oan de jongerein te sliten. Fan Styl is bekend dat de redaksje iepen stiet foar nij skriuwtalint, neist it tal jonge skriuwers dêr’t we earder kundskip fan dien hawwe. De jonge redaksje mei rekkenje op saakkundige begelieding.

Advertinsjeferkeap
Styl wurdt tagelyk mei Friesland Post ynseald. In kostefergjende faktor. Advertinsjetariven binne spegele oan it nivo Friesland Post. De útjefte fan in losse Fryske bylage is dreech advertinsje ferkeapjen. De ferkeap leit geandewei mear klam op de emosjonele bining mei it Frysk (gunnen fan in advertinsje) en it oanbieden fan kombi-taryf op grûn fan trochpleats yn oare blêden. Der wurdt allegeduerigen stind op nije ferkeapmetoaden foar it blêd. De ferkeap wurdt útfierd yn ’e mande mei Van der Let & Partners, It Hearrenfean.

Eigentiids yn ’e merk
Jong skriuwtalint en in jong ferkeapteam binne yn it spier om Styl safolle mooglik te fersprieden yn en bûten Fryslân.

  • In tal skoallen brûkt Styl yn de Fryske les, lykas de NHL dy’t artikels Styl opnommen hat yn it lessepakket. De AFUK hat ek gebrûk makke fan ‘Stylmateriaal’. Op dit stuit wurdt Styl oanlevere by in tolvetal skoallen yn it middelber- en heger ûnderwiis.
  • Styl is, fanwegen it ‘linich en begryplik taalgebrûk’ ûntdutsen troch kursisten ‘Frysk foar net Frysktaligen’.
  • Promoasjeprojekten op bygelyks beurzen en eveneminten sille rjochte wurde op de jongerein oant sa’n tritich jier. De gemeente Snits ferspriedt û.o. Styl by nije bewenners fan de gemeente. Der sil besocht wurde mear gemeenten foar fersprieding fan Styl te yntressearjen, fanwegen de goede ûntfangst.

De oplaach wurdt op syn minst begrutte op 11.000 eksimplaren. De ôfnimmers binne de abonnees, de grutste lêsportefeuilles yn Fryslân, Atlas en De Leeskring, en sa’n 210 ferkeapadressen. Boppedat binne de tydskriften te finen op lêstafels yn sikehuzen, by kappers en moadesaken, bedriuwslibben, bibleteken, sûnenssintra, oerheid, ensafuorthinne.
Retoereksimplaren wurde foar in part brûkt foar promoasje en foar in part yn lêspakketten.

Nije Media
Mei it each op it beliedsplan Fryske taal 2008-2010 wurdt troch de ICT ôfdieling fan Van der Let & Partners Styl ynteraktive produkten makke. Sadat it printe blêd Styl in bettere profilearring kriget op ynternet.

Reklame
Der wurdt reguliere reklame makke neist Friesland Post en kin bestean út media-uteringen op radio, tv en yn deiblêden. Foar 2008 geane wy troch mei Stylreklame foar radioharkers fan Nederlânsk- en Frysktalige muzyk. Reklame wurdt behannele troch de útjouwerij, mar direkt of yndirekt ek troch tredden. Ynternet sil tanimmend in wichtige rol spylje om de doelgroep jongerein te berikken. Van der Let & Partners, in spesjalist yn it brûken fan nije media, sil de hiemside fan Friesland Post en Styl ûnderhâlde. Harren programma LetsStat, foar it produsearjen fan statistiken, is ynset om berikberens en kwaliteit fan de besikers te mjitten. Sa wolle wy de monitoaring stal jaan.